Provinsjehûs: Ljouwert akkoart

30 jan 2007 - 09:57

De gemeenteried fan Ljouwert hat moandei ynstimd mei de oanpaste plannen foar it nije provinsjehûs. It hege part yn it midden wurdt smeller makke as earst it doel wie en der komt in ferdjipping boppe-op. Oan de kant fan de Easterstrjitte komt winkelromte.

Der wurdt no in boufergunning oanfrege. Yn july moat bekend wurde wa't de oannimmer wurdt. Yn 2010 moat it fernijde Provinsjehûs klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)