Tsien jonge ynbrekkers oppakt

Groep jongerein pakt foar autoynbraken
Tsien jonges fan It_Hearrenfean binne oanhâlden foar autoynbraken yn harren wenplak. Se brutsen 36 auto's iepen en brutsen ek noch yn yn in winkel en in wenhûs. De plysje kaam de jonges op it spoar troch te posten. De jonges hingje faak om strjitte om. Se binne 14 oant 17 jier. De dieven sloegen auto-ruten yn en namen tomtom's, mp3-spilers, mobile telefoans en laptops mei. De skea rint yn 'e tûzenen euro's.