Nij jongerensintrum yn Lemmer

© Omrop Fryslân
Der wurdt in nij jongerensintrum boud op 'e Lemmer. In mearderheid yn de ried gie akkoart mei de bou.
De ChristenUnie en ien riedslid fan de VVD stimden tsjin. Sy fine de kosten te heech. It nije sintrum kostet acht ton, wylst earder útgien wie fan seis. De hegere kosten hawwe te krijen mei de fasiliteiten fan it nije sintrum. Sa komt der ek in poppoadium yn. It sintrum komt op it terrein fan it eardere azc op 'e Lemmer.