Brânwachten wurkje gear

29 jan 2007 - 17:18
Foto: Omrop Fryslân

De brânwacht fan Lemsterlân krijt tenei help fan de brânwacht fan de gemeente Skarsterlân. Benammen op it mêd fan de previnsje sille de profesjonele minsken fan Skarsterlân de frijwilligers yn Lemmer helpe.

Mei dizze gearwurking rinne beide gemeenten foarút op in al earder ôfsprutsen gearwurking dêr't ek de gemeenten Hearrenfean en Boarnsterhim by belutsen binne. Doel is ien brânwachtorganisaasje yn dy gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)