Logan werom by Aris

29 jan 2007 - 14:21

Basketbalclub Aris hat Dallas Logan per direkt tafoege by de seleksje. De Amerikaan hat moandei syn hantekening set foar in kontrakt oant it ein fan dit seizoen.

Logan spile twa jier ferlyn ek by Aris en wie doe ien fan de útblinkers. Aris socht in nije spiler en tocht oan Logan, om't hy noch yn Ljouwert wennet mei syn oansteande. Logan spile de lêste tiid yn de Meksikaanse kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)