Rekordtal turners op it Fean
Der dogge dit wykein in rekordoantal dielnimmers mei oan it Iepen Sidijk Turntoernoai op it Hearrenfean. Yn totaal ha 239 turnsters har ynskreaun.
It toernoai is in belangrike test foar it Europeesk Kampioenskip dat yn april yn Amsterdam hâlden wurdt. De Fryske topturnsters stride ek noch foar it Frysk Kampioenskip.