Jonge (17) fernielt taksydoar

28 jan 2007 - 16:01

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in jonge (17) fan De Westerein oanhâlden foar de fernieling fan in taksydoar. In groep jongeren stapte dy nacht yn in taksy. De taksysjauffeur út Kollum wachte mei fuortriden oant elkenien siet. Op dat momint skopte de jonge de taksydoar ticht, wêrtroch de doar en it slot fernield waarden.

De fertochte woe net meiwurkje oan in skeafergoeding. De plysje hat de jonge meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)