Oerfal tankstasjon Hearrenfean

28 jan 2007 - 15:40

De plysje siket minsken dy't freedtejûn wat sjoen ha by it tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean.

Om in oer as njoggen is in meiwurker fan it tankstasjon bedrige troch in ûnbekende man. Hy moast de ynhâld fan de kassa, inkele hûnderten euro's, oan de oerfaller jaan. Dy is dêrnei op in fyts fertrokken. De fertochte is nei alle gedachten in man tusken de 20 en 30 jier en is ûngefear 1 meter 70 lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)