Ynbraak yn wenning De Lemmer

28 jan 2007 - 15:22

Yn in wenning oan de Kemphaan op De Lemmer is tusken sneon 09.00 oere en snein 01.00 oere ynbrutsen. De plysje docht ûndersyk nei de ynbraak. Nei it forsearjen fan in rút koe de dieder (of dieders) binnenkomme.

Ut de wenning binne in LCD-televyzje, juwielen en de autokaai fuortnaam. Ek de auto fan de bewenners is stellen. De 58-jierrige bewenster hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)