Ynteresse fan AZ yn Waterman

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub AZ hat ynteresse yn keeper Boy_Waterman fan SC Hearrenfean. Neffens algemien direkteur Marcel_Brands is it de bedoeling dat Waterman foar de rest fan dit seizoen ferhierd wurdt oan AZ. Hearrenfean, AZ en Waterman binne it al iens oer de tydlike oergong. Mar AZ wol it noch net befestigje.
Waterman is no twadde keeper achter Vandenbussche. Hy spile oant no ta achttjin wedstriden foar Hearrenfean.