Nijenhuis tredde op 1000 meter

27 jan 2007 - 16:27

Beorn_Nijenhuis fan It_Hearrenfean is sneon tredde wurden op de 1000 meter op de wrâldbekerwedstriid. Yn it Thialfstadion sette er in tiid del fan 1.09.07. Shani_Davis klokte deselde tiid as it baanrekord en waard dêrmei earste yn in tiid fan 1.08,91. Erben_Wennemars waard twadde.

Nijenhuis pakte op de 500 meter de winst yn de B-groep. De Fin Koskela wie de rapste yn de A-groep. Wennemars wie de beste Nederlanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)