Kjeld deart blautonge net

© Omrop Fryslân
It blautongefirus wreidet him noch altyd út. De ferwachting wie dat de sykte by kjeld minder faak foarkomme soe. Mar by de Europeeske Kommisje binne 51 nije útbraken meld. Benammen yn Dútslân binne in soad nije gefallen. Yn hiel Dútslân binne no 43 blautongegefallen.
Yn septimber ferline jier waard de sykte fûn by twa kij yn Hilaard. Dy hiene de besmetting nei alle gedachten earne oars opdien.