Bom ta ûntploffing brocht

© Omrop Fryslân
Op Skylge is sneon in fleantúchbom ta ûntploffing brocht. De 250-pûner kaam foar it ljocht by de sloop fan diskoteek Actania yn Midslân. De EOD hat earst de ûntstekking derút helle. Dêrfoar moasten tweintich omwenners tydlik út harren hús wei.
It krûd is nei de Boschplaat brocht. Dêr hat de EOD it bedobbe en ploffe litten. Troch de klap ûntstie in krater fan 2 meter djip en 4 meter yn diameter.