Flyers wint fan Den Haag
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe de útwedstriid tsjin de Wolves út Den Haach mei 5-1 wûn. De earste perioade gong noch aardich lyk op, mar nei de twadde perioade hiene de Flyers in 3-1 foarsprong. Yn de einfaze kamen de Wolves der net mear oan te pas.
It giet de lêste tiid bêst mei de Flyers. Se binne fan it lêste plak nei it tredde plak klommen.