Karibyske skulp op It Amelân

27 jan 2007 - 12:18

Op It_Amelân is in skulp út it Karibysk gebiet fûn. De keninginneskulp wurdt oars fûn op de strannen fan 'e Antillen en is dêr beskerme. Hendrik en Greetje_Mosterman fûnen de skulp tusken Nes en Buren.

De fraach is oft it skaaldier de oseaan oerstutsen is of dat de skulp hjir yn it wetter goaid is. In keninginneskulp kin wol tritich sintimeter grut wurde en hat in felrôze binnenkant.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)