Winst foar Cambuur

26 jan 2007 - 22:09
Cambuurtrainer Roy Wesseling

Cambuur Ljouwert wûn freedtejûn mei 2-1 fan Top_Oss. It wie in minne wedstriid en de oerwinning moast fier weikomme. Top_Oss kaam op een 0-1 foarsprong troch in doelpunt fan Quekel.

Op slach fan rêst makke Marinus_Dijkhuizen de 1-1. Yn de lêste minút fan de twadde helte makke Jeroen Ketting de 2-1. Cambuur stiet no fyftjinde mei 26 punten út 25 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)