Fraksjes gear oer fiersichten

26 jan 2007 - 17:22

Fiif debatten mei eksperts út it hele lân, in pear mei Friezen om utens en mei in groep amtners. Dêr ideeën út fentileare dy't brûkt wurde kinne foar de takomst fan Fryslân. Dat wie de opset fan de Fryske fiersichten.

By de debatten mochten gjin politisy oanskowe want de boarger en de saneamde eksperts wiene oan bar. It smiet goed 700 ideeën op. Dy binne freed oanbean oan de listlûkers fan de steatefraksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)