Dokkumer jeugd hurder oanpakt

Rûzjemeitsjende jeugd yn Dokkum wurdt hurder oanpakt en hingplakken better yn 'e gaten hâlden. Oanlieding is in langslepend konflikt tusken 2 groepen jongeren, dêr't ek jongerein fan it asylsikerssintrum by belutsen is.
Tongersdei drige der in massale fjochtpartij op it skoalplein fan it Dockingakolleezje oan de Woudweg. Wat boargemaster Cazemier oanbelanget bliuwt it foar ferfelende jeugd net mear by in warskôging fan de plysje.