Dikke winst Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De beloften fan Sportklup Hearrenfean/Emmen ha mei 5-0 wûn by Jong Vitesse/AGOVV. By it skoft wie it al 2-0 troch goals fan Quenten Martinus en Luciano Slagveer. Nei it skoft skoarde Martinus noch in kear en soargen Arsenio Valpoort en Ernesto Seymonson foar de 5-0 einstân.
By Hearrenfean makke keeper Kristoffer Nordfeldt syn debút. Hy keepte in prima wedstriid. Jong Hearrenfean bliuwt troch de oerwinning yn de middenmoat en stiet no op it achtste plak.