Wetterlieding Wommels wer lek

Wetterlieding foar tredde kear lek
Nei de kwaliteit fan de wetterlieding ûnder de Van_Sminialeane komt op koarte termyn in ûndersyk. Freed sit der foar de tredde kear yn oardel wike in breuk yn de wetterlieding ûnder de Van_Sminialeane tusken Wommels en Easterein.
Begjin dizze wike waard de dyk ek al twa dagen ôfset troch in lek. Trije kear yn in wike is unyk. De ôfrûne 12 jier wie der mar twa kear in steuring: yn 1994 en 1996.