Oalje Burgumermar ûngefaarlik

26 jan 2007 - 10:28

De oalje dy't tongersdei fûn waard op de Burgumermar liket net gefaarlik foar it miljeu. Ut ûndersyk die bliken dat it om in plantaardige oalje giet. Omdat it Wetterskip net krekt wit wat de útwurking fan de oalje op langere termyn is wurdt de oalje wol opromme.

Foar safier bekend binne der noch gjin fûgels fûn dy't ûnder de oalje sitte. Om dat foar te kommen hat de miljeu- plysje fûgels fuortjage út it gebiet. Nei de dieder wurdt noch socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)