Soarchsintrum yn Skerpenseel

26 jan 2007 - 09:57

Yn Skerpenseel komt in lytsskalich soarchsintrum. It giet om in inisjatyf fan wenningstichting Weststellingwerf en ferpleech- en fersoargingssintrum LindeStede. Yn it soarchsintrum is plak foar 25 minsken.

Neist it sintrum komme acht wenningen dêr't minsken ek op lettere leeftyd wenje kinne en trije gewoane wenten. Doel is dat it soarchsintrum ek in sintrale funksje yn it doarp krijt. De bou begjint healwei takom jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)