Aris ferliest; Schuur werom

25 jan 2007 - 22:40

Basketbalklub Aris hat de sechde wedstryd op rige ferlern. Yn sporthal Kealledykje yn Ljouwert ferlear Aris mei 71-77 fan ZZ Leiden. By rêst wie de efterstân 33-39. Yn it tredde kwart kaam Aris op in foarsprong, mar troch it minne lêste kwart joech Aris dy wer út hannen.

Erik_Schuur kaam nei twa jier blessueres oan benammen de knibbel wer yn it fjild. Aris is no njoggende mei sechstjin punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)