Fertochten oerfallen oppakt
De plysje hat twa minsken oanhâlden foar in tal oerfallen yn Drachten. Dat gebeurde ûnder oaren twa kear by in bensinestasjon en in fideoteek.
In team fan fjouwer rezjerzjeurs hat wurke oan de saak. Ek is der omtinken oan de oerfallen jûn yn it Omrop Fryslan tv-programma Plysjepost.