Arrestaasjes nei sjitpartijen

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat nei oanlieding fan twa sjitpartijen yn de Antilliaanske mienskip tolve minsken oanhâlden. Fjouwer sitte noch fêst en wurde fertocht fan poging ta deaslach. By de sjitterij yn jannewaris rekken twa minsken licht ferwûne.
De plysje wurket mei 15 minsken oan de saak. Der wurde noch mear arrestaasjes ferwachte. Boargemaster Dales wol dat de fertochten weromstjoerd wurde nei de Antillen.