Wurdearring foar Frysk boek

25 jan 2007 - 14:13

It boek 'Oeral binne bisten!' fan bylzjend keunstner Machiel Braaksma is troch Dútse sjuery útkeazen foar de list mei White Ravens. Dat is in seleksje fan bysûndere boeken út 45 lannen en yn 30 talen. Dy boeken fertsjinje neffens de sjuery oer de hiele wrâld oandacht, bygelyks fanwege de ynhâld of de styl.

De boeken wurde opnaam yn in katalogus dy't presintearre wurdt op in berneboekebeurs yn Bologna.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)