Njoggen 100-plussers yn 2007

25 jan 2007 - 10:06

Yn de gemeente Boarnsterhim hoopje dit jier njoggen minsken hûndert jier of âlder te wurden. Dat meldt de gemeente.

De âldste ynwenner fan Boarnsterhim, in frou út Grou, hopet yn augustus de leeftyd fan 106 te berikken. Fierder hat Boarnsterhim oan de ein fan dit jier in 104-, 103-, twa 102-, in 101- en trije 100-jierrigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)