Himpkwekerijen oprôle

25 jan 2007 - 06:24

De plysje hat woansdei yn Snits in himpkwekerij oprôle mei 1.500 planten. De kwekerij waard fûn yn in leechsteand gebou njonken in kofjeshop. De plysje ûntduts de kwekerij by tafal nei in melding fan in stikken rút.

Ek yn Ljouwert waard woansdei in himpkwekerij oprôle. Yn in romte boppe in skjinmakbedriuw fûn de plysje 500 planten. Fan beide kwekerijen binne de planten en appartuer ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)