Flyers winne fan koprinner
De Vadeko Flyers hawwe woansdei goeie saken dien yn de striid om in plakje yn de play-offs. De Feansters wûnen mei 4-3 fan de Amstel Tijgers út Amsterdam.
Yn in spannende slotfase wienen de Feansters te sterk foar de koprinners. Coach Alex Andjelic fan de Flyers wie bliid dat de play-offs mei dizze oerwinning in stapke tichterby komme.