Boargemaster Gaasterlân fuort

24 jan 2007 - 23:17

Boargemaster De Roos fan Gaasterlân-Sleat stapt op. Yn oerlis mei de kommissaris fan de keninginne giet se op 1 febrewaris mei pinsjoen. Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel is tydlik ferfanger.

De Roos is 57 jier en hat goed twa jier boargemaster west. Al moannen binne der konflikten op it gemeentehûs. Ek bemiddeling fan âld boargemaster Te Loo fan Ljouwert hat net holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)