Nije krante yn Ljouwert printe

24 jan 2007 - 16:54

In part fan de oplage fan nije, fergese krante De Pers wurdt printe yn Ljouwert by útjouwerij NDC/VBK. Dy printet ek de Leeuwarder Courant en in grut tal hûs-oan-hûs-blêden. Om't De Pers in moarnskrante is, wurdt der nachts wurke. Dêrfoar wurde tydlik 16 ekstra minsken oanlutsen.

Der is ek sjoen oft de krante by de NDC yn Grins printe wurde koe. Dêr wie gjin romte om't it Dagblad van het Noorden ek in moarnskrante is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)