Meitinke oer besunigingen

© Omrop Fryslân
Dongeradiel wol fan de ynwenners witte hoe't se tinke oer de besunigingen. It bestjoer hat foar oardel miljoen euro besunigingsplannen makke. Oan de rie wurde foarstellen dien oer it besparjen op skoalswimmen, de eigen organisaasje en sportfoarsjennings.
De gemeente noeget ynwenners, ferienings, ynstellings út om bekend te meitsjen wat se fan de foarstellen fine. Yn july makket de ried de definitive kar bekend.