Undersyk nei nije gemalen

24 jan 2007 - 15:35

Der moat gau ûndersyk dien wurde nei konkrekte bouplannen foar nije gemalen by Lauwerseach en Harns. Dat fynt in mearderheid fan Provinsjale Steaten. Sa't it no liket soe dat pas yn 2020 kinne. Sjoen de wettersitewaasje is it nedich om soks no al te dwaan.

In útstel fan de FNP foar in ûndersyk nei de gemalen waard stipe troch de VVD en it CDA. Deputearre Bijman sei ta de plannen foar de gemalen foar 2008 klear te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)