Ritsma lit WK allround sitte

24 jan 2007 - 15:28

Rintje Ritsma sjocht ôf fan it WK allround. Nei ien dei fan de skate-off yn Thialf hat er dat besletten. Syn tiid op de 1500 meter wie net goed genôch om pleatst te wurden. Hy konsintrearret him no op de 5000 meter op tongersdei. De Lemster kin him noch pleatse foar de wrâldbeker.

Ek Jochem Uytdehaage einige achteryn op de 1500 meter. Hy hat him weromlutsen foar de skate-off op de tsien kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)