DS: jild foar oanpassen huzen

24 jan 2007 - 12:01

Gemeenten moatte huzen foar âlderen oanpasse kinne mei subsydzjejild. Deputearre Steaten wolle dêr jild út it budzjet foar stedsfernijing foar brûke. Besteande huzen soenen oanpast wurde kinne sadat âlderen der langer wenjen bliuwe kinne troch drompels fuort te heljen. It subsydzjejild kin ek brûkt wurde foar it enerzjysuniger meitsjen fan huzen.

As Provinsjale Steaten akkoart gean, komt der ynformaasje oer de regeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)