Acht nije tips yn saak-Ooms

24 jan 2007 - 10:38

De útstjoering fan tv-programma Opsporing Verzocht hat acht nije tips opsmiten oer de moard op Marinus_Ooms yn Haulerwyk. In tal fan dy tips is neffens justysje de muoite fan it ûndersykjen wurdich. De plysje liet yn it program in gasalarmpistoal en in taske sjen. Dy saken soene mooglik fan ien fan de dieders wêze kinne.

Ek wurdt socht om in man dy't him earder by de plysje melde, omdat er mear witte soe oer de saak-Ooms.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)