Dakarmanlju werom yn Wolvegea

23 jan 2007 - 17:30

Sjauffeur Marcel_Schoo en navigator Roelof_Koning fan it Dakarteam Holland út Wolvegea binne mei de oare teamleden tiisdei wer thúskommen út Dakar. Trije wiken lang hawwe se meidien oan de swierste autorally fan 'e wrâld. It team die foar de earste kear mei en is as 72ste eindige, al gie it betiden need. De Wolvegeasters sieten mei spanning te wachtsjen op de koereurs, benammen harren froulju en bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)