Holwert: 'sporthal net ticht'

23 jan 2007 - 17:27

Holwert is benaud foar de takomst fan de sporthal yn it doarp. De doarpbewenners bouden de hal 25 jier lyn sels. No stiet de hal op in list fan de gemeente Dongeradiel mei mooglike besunigings.

De sportseal is alle jûnen beset. Der wurdt kuorballe, fuotballe, badmintond, volleyballe en keatst. Sluting soe in grutte klap wêze foar it doarp. Neffens wethâlder Willemsma is it te betiid foar konklúzjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)