Stoarmskea oan Ofslútdyk

23 jan 2007 - 16:44

De stoarm fan ferline wike hat by Koarnwertersân en Breesândyk stikken út de deklaach fan 'e Ofslútdyk slein. Ofrûne freed en sneon binne dêr needreparaasjes dien. Der binne in grut tal basaltblokken út 'e dyk weislein. De kommende fiif wiken wurde se weromlein. Dat moat barre oer in oerflak fan 500 kante meter. It wurk sil nei alle gedachten fiif wiken duorje en it kostet in ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)