Bysûndere flessepost Amelân

Spaanske flessepost nei twa jier op it Amelân
Op it Amelân is moandei in flesse oanspield, dy't twa jier lyn by New_York yn see goaid is. De flesse is oer it Kanaal rjochting Noardsee spield. Dirk_Visser fan it Amelân fûn him moandei op it Noardseestrân by Ballum.
De flesse is ôfkomstich fan in Spaansk marineskip. De brief yn de flesse einiget mei in sitaat fan Columbus: 'De see jout de minske nije hope krekt as de sliep dreamen jout'.