Brêge Hylpen te gefaarlik

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De brêge oer de grêft by de Stadsweide yn Hylpen is te gefaarlik en moat sa gau mooglik oanpakt wurde. Dat seit Pleatselik Belang Hylpen. De âlde rin- en fytsbrêge wurdt in soad brûkt troch bern en is tige steil. Sa steil dat it wachtsjen is op ûngemakken, sa seit foarsitter Titus Stallman. Hy wol dan ek dat de gemeente Gaasterlân-Sleat yngrypt. Mar dy hat dêr gjin jild.
Neffens Stallman moatte inkele oare projekten yn Hylpen dan mar efkens lizzen bliuwe, as sa de feiligens op de brêge ferbettere wurde kin.