Folderjend famke bedrige

23 jan 2007 - 11:06

De plysje siket tsjûgen fan in bedriging fan in famke (15) út Grou. Dat barde doe't se oan it folderjen wie yn 'e Prinsessebuert. Se waard ferline wike moandei om kertier foar njoggenen yn 'e Kanaalstrjitte troch in ûnbekende man bedrige mei in ding dat op in mes liket.

It slachtoffer koe harsels losskuorre en is doe útnaaid. De fertochte is sawat 20 jier âld, 1.75 meter lang en hat ljochtbrunich fel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)