Sulejmani op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Miralem Sulejmani, de nije oanwinst fan sportklub Hearrenfean, traint hjoed foar it earst mei de beloftes en de earste seleksje mei. De oanfaller (18) is sneon oankaam by de Feansters. Hy kaam letter as ferwachte omdat syn ferbliuwsfergunning noch net yn 'e oarder wie.
Hearrenfean moat it noch mei Partizan iens wurde oer de opliedingsfergoeding foar fan de Serviër. Partizan wol mear ha as Hearrenfean jaan wol.