ING Ljouwert: 50 man derút

22 jan 2007 - 22:13

Der moatte 50 minsken út by de hypoteek-ôfdieling fan de ING Bank yn Ljouwert. Dat hat de bank moandei bekendmakke. It giet om tydlike krêften of útstjoerkrêften op de administraasje-ôfdieling. De fêste minsken kinne bliuwe.

Der waard al langer praat oer ûntslaggen op dizze ôfdieling. Der binne minder hypoteken ôfsluten en dêrtroch is der minder wurk. Dat hat wer te krijen mei in hegere rinte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)