Jonge Feansters bliuwe op kop

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandei mei 2-1 fan Jong Sparta wûn. De Feansters spilen út yn Rotterdam. Yn de twadde helte krige it Fean oerwicht. Dat resultearre yn in doelpunt fan Tarvajärvi yn de 50ste minút en in doelpunt fan Türk út in frije traap, yn de 67ste minút.
Tsien minuten letter makke Emnes fan Sparta in tsjingoal. Jong Hearrenfean bliuwt koprinner yn de kompetysje mei 33 punten út 13 wedstriden.