Mear belein yn winkels

22 jan 2007 - 17:47

It belizzen yn Fryske winkelgebouwen wurdt hieltiten populêrder. Dat meldt foarsitter Sinnige fan de Fryske NVM makelders. It giet net allinnich om grutte belizzers, mar ek minsken dy't 100.000 euro besteegje.

It measte wurdt sjoen nei stêden lykas Ljouwert en Snits, mar ek de merk yn de gruttere doarpen lûkt oan. Wylst de prizen fan wenhuzen de lêste tiid bot omheech gong binne, sit der noch wol romte yn de prizen fan winkelgebouwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)