Remigraasje út Denemarken

22 jan 2007 - 16:55
Foto: Omrop Fryslân

Sa'n tsien boeren dy't jierren lyn nei Denemarken emigreard binne, komme werom nei it Noarden. Sy sykje benammen yn it Noarden plak om't hjir de grûnprizen net sa heech binne. Dat melde de agrarysk makelders fan de NVM.

Troch djoerdere grûnprizen yn Denemarken ha minsken dy't dêr jierren lyn begûn binne, aardich wat jild omhannen as se har spul ferkeapje. Faak wurdt by ferhúzjen foar Nederlân keazen, om't hjir noch famylje wennet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)