Cambuur set 'Soccer school' op

Direkteur Pama set by Cambuur 'Soccerschools' op
Fuotbalklub Cambuur set takom simmer útein mei fuotbalkampen foar Amerikaanske bern. De 'Cambuur Soccer School', sa as it projekt hjit, wurdt opset yn it Cambuurstadion.
Yn 'e perioade juny-july kinne jonges en famkes tsien dagen de Cambuur-sfear priuwe en fuotballes krije. It projekt is in inisjatyf fan direkteur Alex Pama, dy't jierren yn Amerika wenne hat. Cambuur is op dit stuit drok dwaande mei de ynfolling fan 'e kampen.