Syktocht nei automobiliste

22 jan 2007 - 15:20

De plysje is in syktocht begûn nei de frou dy't in heal jier lyn yn Dokkum in jonge oanriden hat. It slachtoffer like earst hast neat te mankearen, mar leit no slim siik yn it sikehûs. De fersekering fan de frou soe him fierder helpe kinne.

De gefolgen fan it ûngelok binne foar Dirk Sietse Gjaltema (18) desastreus. De spieren yn de skonk stjerre ôf en der is in tumor ûntstien. Wierskynlik moat de skonk amputeard wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)