Van Gansewinkel oernaam

Van Gansewinkel heart aansen by in megakonsern
Offalferwurker Van Gansewinkel út Drachten wurdt oernommen troch twa ynvestearringsbedriuwen. Van Gansewinkel wurdt mei ôffalferwurker AVR gearfoege ta in bedriuw mei in jieromset fan goed 1 miljard euro. It nije bedriuw stiet dêrmei yn de Europeeske top 5 fan ôffalferwurkers.
Der moat noch wol tastimming komme fan de Nederlandse Mededingingsautoriteit. De oername hat gjin gefolgen foar it tal arbeidsplakken.